Beloften Hearrenfean winne yn eigen hûs
De belofteploech fan SC Hearrenfean hat syn tredde oerwinning yn fjouwer kompetysjewedstriden pakt. Thús wûnen de Feansters mei 2-1 fan Jong PEC Zwolle.

Op sportpark Skoatterwâld sette Mitchell van Bergen flak foar it skoft de 1-0 op it skoareboerd foar Jong SC Hearrenfean. Dat die er op oanjaan fan Marco Rojas.
Nei in lyts oere spyljen kaam Zwolle werom troch in goal fan Ouasim Bouy. Nicolai Næss makke in tweintich minuten letter de 2-1, nei't Zwolle in corner net goed fuortwurke.
Hearrenfean hat njoggen punten en stiet dêrmei krekt efter koprinner Heracles Almelo, dat moandei mei 3-2 wûn fan Jong SC Cambuur.