Bêden yn it MCL wurde nei fyftjin jier ferfongen

De sikehûsbêden yn it Ljouwerter sikehûs MCL wurde dizze moanne ferfongen troch 570 nije bêden. De âlde bêden ha 15 jier tsjinst dien.
Sikehûs MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De nije bêden ha nije funksjes lykas foetbetsjinning en in foarprogrammearre sitstân. Mei ien druk op de knop komt it bêd yn sithâlding, sadat de pasjint aktiver sit. De bêden ha ek in fiifde tsjil, midden ûnder it bêd, sadat manoeuvrearjen makliker wurdt.

De âlde bêden en nachtkastkes geane nei Vidotrans op It Hearrenfean. Se binne spesjalisearre yn it transportearjen fan guod foar non-profit organisaasjes oer de wrâld.
Gerard van den Berg fan Vidotrans