Theo Pijper slút wrâldkampioenskip gersbaan ôf op sechsde plak

Gersbaanracer Theo Pijper is snein yn it Dútske Mühldorf fjirde wurden by de fyfde en lêste finalewedstriid om de wrâldtitel. Mei de 16 punten dy't er snein pakte, bliuwt er yn it klassemint op it sechsde plak stean.
© Bert Swarts
De koereur út Rinsumageast wûn snein ien heat en hy waard in kear twadde. Yn de finale einige er as fjirde. It wie Pijpers twad bêste finalewedstriid fan it seizoen, allinnich yn Roden pakte er mear punten (18).
De titel gie nei de Dútser Martin Smolinski. Mei in goede lêste dei helle hy krekt genôch punten om de Frânsman Dimitri Bergé noch yn te heljen: 109 om 108 punten.