Fryske Jan en Martine krije soad reaksjes op 'Ik vertrek'

Jan (58) en Martine (50) ferruilen hast in jier lyn Fryslân foar Frankryk. Har emigraasje en alle perikels deromhinne wienen sneontejûn te sjen yn it telefyzjeprogramma 'Ik vertrek'.
© ik vertrek
Se woenen wat mear rêst en binne telâne kommen yn de Midi-Pyrénées, dêr is it noch stiller. Yn Montaigue de Quercy kochten se in gebou út 1800 mei in stik grûn. Se woenen der sels wenje en twa akkommodaasjes bouwe om te ferhieren.
Lykas yn hast alle ôfleveringen fan it programma gie net alles like maklik en kamen de nije eigeners foar tal fan ferrassingen te stean. By Jan en Martine wienen bygelyks noch bewenners yn it gebou: rotten en flearmûzen. Boppedat wie it rioel ferstoppe.
Se ha in soad positive reaksjes op it programma krigen, ûnder oare dat se hurde wurkers binne.
Mei it stel giet it goed, in jier letter. Se ha gasten út tal fan lannen hân en ha sels al oanfragen foar de simmer takom jier. Ek buertbewenners binne te sprekken oer de nije bewenners. Se binne noch wol dwaande mei de ferbouwing, wolle in swimbad oanlizze en in minycamping begjinne.