Fryske profs lotsje amateurs yn twadde ronde fan KNVB-beker

De Fryske profklups ha amateurs lotte yn de twadde ronde fan de KNVB-beker. SC Cambuur spilet thús tsjin de keninklike HFC út Haarlem. En Hearrenfean moat nei Heerlerheide, yn Limboarch, tsjin de RKSV Groene Ster.
Yn 2009 wûn Hearrenfean de KNVB-beker nei strafskoppen fan FC Twente © ANP
De keninklike HFC hat yn de foarige ronde de Harkemase Boys útskeakele. Soe Cambuur no revâns nimme kinne? It is in twadde difyzjeklup, dy't achtste stiet yn de kompetysje. Under oare Jacob Noordmans spilet dêr. Dy komt oarspronklik út Burgum, en hat ek foar ONS Snits spile.
De tsjinstanner fan Hearrenfean spilet yn de sneinshaadklasse B. Nei fjouwer kompetysjewedstriden hat dy ploech noch net ien kear ferlern. Se steane earste. Groene Ster wûn yn de earste ronde fan de beker fan TEC út Tiel. Dat is in tredde difyzjonist. Groene Ster spile doe mei 10 man, omdat Jorrit Ritzen in reade kaart krige. Hy is skorst foar de wedstriid tsjin Hearrenfean.
De wedstriden fan Cambuur en Hearrenfean binne op tiisdei 30 oktober, woansdei 31 oktober, of tongersdei 1 novimber. De KNVB moat de eksakte data noch bepale.
Cambuur en Hearrenfean binne de iennige Fryske klups dy't noch kâns meitsje op de beker. Harkemase Boys en ONS Snits binne yn de earste ronde al útskeakele. Cambuur en Hearrenfean gongen mei de hakken oer de sleat troch. Beide ploegen wûnen yn de ferlinging. Cambuur mei 3-2, fan Scheveningen, en Hearrenfean mei 1-0, fan Katwyk.
Yn 2009 wûn Hearrenfean de beker, ûnder lieding fan Trond Sollied. Cambuur is nea fierder kaam as de heale finale. Dat wie yn 2017, ûnder lieding fan Sipke Hulshoff. Nei penaltys ferlear Cambuur de heale finale fan AZ.
De lotting wie te sjen by FOX © Omrop Fryslân, Jitze de Vries