Para-atleet Gerrit Dijkstra moat swimtocht oer Iselmar stake

Para-atleet Gerrit Dijkstra is nei goed 3 kilometer ophâlden mei syn swimtocht fan Starum nei Medemblik. It wetter yn de Iselmar is te kâld wêrtroch't in reaksje ûntstie op de spieren yn syn fuotten. Dy begûnen sa bot te triljen dat de Drachtster ophâlde moast.
© Omrop Fryslân, Freark Wijma
Ferslachjouwer Freark Wijma oer de swimtocht
Dijkstra naam it beslút mei triennen yn de eagen. Hy hat fuortendaliks oanjûn dat hy takom jier op 'e nij besykje wol. Dan wol Dijkstra de 20 kilometer lange swimtocht earder dwaan, as it wetter noch waarm genôch is.
De para-atleet kin troch in ûngelok yn 2004 beide skonken net mear brûke. Hy wie doe 19 jier, bruts de rêch en nekke en hat trije moannen yn koma lein. It gefolch is dat er trije dwarslaesies hat.