Cambuur giet thús tsjin Roda JC foar it earst ûnderút

Cambuur hat freed yn it eigen stadion foar it earst dit seizoen ferlern: Roda JC wûn mei 0-1 yn Ljouwert. Gyliano van Velzen makke krekt nei it skoft de iennige goal fan de wedstriid.
René Hake
Benammen Justin Mathieu krige yn de earste helte kânsen om Cambuur op foarsprong te setten. Hy stie nei in kertier foar in sawat lege goal doe't er de bal krige fan Andrejs Ciganiks, mar hy wurke de bal njonken de goal.
Oan de oare kant fan it fjild moast ek Cambuur-doelman Xavier Mous ferskate kearen yn aksje komme. Earst op in skot fan Engels, dêrnei doe't Paulissen frij foar him opdûkte en letter ek noch by in grutte kâns fan Gnjatic.

Net Cambuur, mar Roda skoart

Betiid yn de twadde helte hie Issa Kallon de 1-0 op de skoech nei in knappe pass fan Jordy van Deelen. Kallon skeat lykwols oer. Dêrnei kaam Roda JC wol op foarsprong. Xavier Mous koe it skot fan Engels noch keare, mar by de rebound wie Gyliano van Velzen attinter as Sai van Wermeskerken: 0-1.
Gyliano van Velzen set Roda JC op 0-1 © www.orange-pictures.nl
Robertha en Van Kippersluis krigen al gau kânsen op de gelykmakker, mar beide kearen stie Roda-doelman Muyters yn it paad. Yn de slotfaze stjoerde Cambuur-trainer René Hake ferdigener Emmanuel Mbende nei foaren. Echte kânsen smiet dat net mear op en sa is it earste ferlies fan Cambuur in feit.
Jordy van Deelen

Drege wike

It wie al gjin maklike wike foar de Ljouwerters. In wike lyn ferlear Cambuur al de kopposysje nei in teloarstellend gelykspul tsjin Jong FC Utrecht. Tiisdei hie de ploech in ferlinging nedich tsjin twaddedifyzjonist Scheveningen om de folgjende ronde fan it bekertoernoai te berikken: 2-3.
SC Cambuur - Roda JC: 0-1 (0-0) 53. Gyliano van Velzen 0-1
Opstelling SC Cambuur: Mous; Van Deelen, Mbende, Schilder, Van Wermeskerken; Ciganiks (77/Maulun), Schindler, Schils (46/Robertha); Mathieu (68/Rossi), Kallon, Van Kippersluis