Noardburgumer falt doarpsgenoat oan: tbs mei twang en seis moannen sel easke

De offisier fan justysje hat freed seis moannen sel en tbs mei twangferpleging easke tsjin in 38-jierrige man út Noardburgum. De fertochte foel op 26 april dit jier in wenning binnen en mishannele de ynwenner.
De Noardburgumer hie it al langer op it slachtoffer foarsjoen. Hy hie him ynbylde dat de doarpsgenoat in pedofyl wie en dat de duvel yn him siet. De man pleatste driigjende en misledigjende berjochten op Facebook wêrby't er it slachtoffer ûnder oare ferlike mei Adolf Hitler.

Skizofreny en oare wanen

De Noardburgumer hat al langer psychyske problemen. Gedrachssaakkundigen stelden fêst dat hy te krijen hat mei skizofreny en oare ferskate soarten wanen. As gefolch fan dy wanen is de man oan it gedrach kaam wêrfoar't er freed foarkomme moast.
Neffens saakkundigen is de Noardburgumer as gefolch fan de 'stoarnissen' folslein ûntarekkenber. De offisier fan justysje wie it dêr net mei iens. Neffens de offisier fan justysje hat de man him yn dy tastân brocht troch syn medikaasje net te nimmen.

Maatskippij beskermje

De Noardburgumer wie al langer yn byld by ferskate ynstânsjes. Mar sadree't de ferplichting fuort foel, hold hy neffens de offisier ek direkt op mei de medisinen. Dat soe by de lêste ynsidinten ek it gefal wêze. De offisier is it net iens mei it advys fan de saakkundigen om de man ferplichte in jier lang yn in forinsysk psychiatryske ynrjochting te pleatsen. Sa'n opname biedt neffens de offisier net genôch beskerming oan de maatskippij.

Fermindere ûntarekkenber

Tbs mei betingst, de 'lichtere' fariant fan tbs, wie foar de offisier ek gjin opsje. Hy ferwachtet net dat de fertochte him oan de betingsten hâlde soe. It iennige dat oerbliuwt, 'it skrikbyld fan de Noardburgumer', is tbs mei twangferpleging. Dat is ek wat de offisier fan justysje easket.
Om't de fertochte neffens de offisier net folslein, mar fermindere ûntarekkenber is, easket de offisier ek noch seis moanne sel. De útspraak is oer twa wiken.