Reiki-terapeut dy't kliïnte ferkrêfte moat jier de sel yn
De 68-jierrige reiki-terapeut út Aldwâld, dy't in kliïnte ferkrêfte hat, moat in jier de sel yn. Dy straf is swierder as de fjouwer moanne sel dy't it Iepenbier Ministearje twa wike lyn easke. Neffens de rjochtbank die dy eask net genôch rjocht oan de earnst fan de feiten.
De terapeut behannele de frou yn desimber 2016, om't se tsjin in burn-out oan siet. Hy woe blokkades yn de enerzjystreamen yn har lichem fuortnimme. Dêr draait reiki om.
Seksuele hannelingen
By de behanneling rekke de terapeut de yntime dielen fan it slachtoffer oan. Dêr wie de frou net op taret. De fertochte sei dat er gjin seksuele bedoelingen of gefoelens hie, mar de rjochtbank oardiele dat it wol om seksuele hannelingen gie.
Slim misbrûk fan fertrouwen
De rjochtbank sei dat de fertochte de frou ferskate kearen ferkrêfte hat en dat er slim misbrûk makke hat fan it fertrouwen dat de frou yn him hie. Dêrtroch hat er har earnstige psychyske problemen besoarge.
Njonken de finzenisstraf moat de terapeut ek 5.000 euro smertejild oan it slachtoffer betelje.