Omrop TIP: hoe hâlde wy it drûch?
We binne yn Fryslân al iuwen dwaande mei wetter. Fryslân wurdt beskerme troch seediken en polderdiken. Wetterskip Fryslân, it âldste bestjoersorgaan fan Fryslân, soarget dat wy ús fuotten drûch hâlde troch sterke diken. Yn in rige fan trettjin ôfleveringen sjocht Omrop Fryslân yn de nije searje It Wetterskip wat der yn Fryslân allegearre bart oan dat wetterbehear.

It klimaat feroaret, de seespegel stiicht, wy krije mear delslach en mear drûchte. Alle jierren jout it Wetterskip sa'n 140 miljoen euro út om Fryslân drûch en it wetter op peil en skjin te hâlden. Yn de earste ôflevering fertelt dykgraaf Paul van Erkelens hoe't it Wetterskip ynspilet op dy klimaatferoaring. Der wurdt in besite brocht oan klimaatûndersiker en NOS waarman Peter Kuipers Munneke. Hy docht ûndersyk nei de iisdikte op Antarktika. Want de fraach is: hoe hurd sil it gean mei de klimaatferoaring?
It Wetterskip is fan hjoed ôf alle tiisdeis te sjen by Omrop Fryslân. De earste útstjoering is om 17.45 oere en dêrnei alle oeren nei Hea!