De Omrop Boekehoeke: it ferhaal fan in skriuwer
Wannear hasto foar it lêst in nij boek lêzen? Justerjûn noch, foar it sliepengean? Of is it alwer in tal moannen, of miskien sels jierren lyn? Om minsken dochs wer oan it lêzen te krijen siket De Middei fan Fryslân alle wiken nei de moaiste nije boeken. Dizze wike komme harkers sels oan it wurd, ien fan harren is Anneke Postma út Tsjalbert, dy't sels in boek skreaun hat.

Elk hat wol in boek dêr't er in wichtige bân mei hat, of dy't gewoan tige lekker lêst. Omrop Fryslân frege yn de ôfrûne wiken oan har harkers om harren favorite boek yn te stjoeren, en dêr kamen genôch moaie reaksjes op binnen. Hjirûnder in koarte seleksje hjirút, miskien sitte der noch wat moaie nije titels foar jo by:
Johan vd Wal
"Hearlik op Kreta yn de sinne sittend oan it swimbad it boek lêze fan trainer Foppe de Haan,"Een leven lang voetbaltrainer ".... is dat net een prachtfakânsje? Echt wol!"
"Hearlik op Kreta yn de sinne sittend oan it swimbad it boek lêze fan trainer Foppe de Haan,"Een leven lang voetbaltrainer ".... is dat net een prachtfakânsje? Echt wol!"
Grietje Paula
"Toen ik je zag fan Isa Hoes, sa moai!"
"Toen ik je zag fan Isa Hoes, sa moai!"
Ineke Vellema
"Hoi Femke, myn lêste boek haw ik yn de fakânsje lêzen dat gie oer it skûtsjesilen en skreaun troch Hilda Talsma! Prachtich moai!"
"Hoi Femke, myn lêste boek haw ik yn de fakânsje lêzen dat gie oer it skûtsjesilen en skreaun troch Hilda Talsma! Prachtich moai!"
Baukje Kuperus
"De zeven zussen fan Lucinda Riley, sa'n prachtich boek!"
"De zeven zussen fan Lucinda Riley, sa'n prachtich boek!"
Janny Travaille
"It boek fan Steven Sterk - Regaad yn 'e himel. Mei in lytse gearfetting fan Janny dy't op de achterflap fan it boek stiet: "As Andrys van der Keur nei in oppassend libben yn 'e himel komt, blikt it der in soadsje te wezen. It bewâld wurdt net fierd troch God, mar troch Bismarck, Petrus en Jehannes, en der is gjin sprake fan order en tucht, earder oarsom."

It ferhaal fan in skriuwer
Der kaam lykwols in tige bysûndere boeketip binnen fan Anneke Postma út Tsjalbert. "Eind oktober komt mijn eigen boek 'tweelingdingen' uit. 3 Jaar geleden ben ik bevallen van onze tweeling, Elin en Mare. Allerlei gebeurtenissen waar ik besloot over te gaan schrijven...." De twilling fan Postma waard te betiid berne, en om alles goed te ferwurkjenm moast se fan de ferpleechkundige de saken opskriuwe.
De ynspiraasje is der alle dagen, dus ik soe altyd wol wat skriuwe kinne.
De stikjes dy't se yn dy tiid skreau, sette se op in blog en op Facebook. Guontiden mei grappige kwoots en nuvere sitewaasjes. "It is in stikje ûntspanning foar my, dat ik stikjes skriuwe kin. De ynspiraasje is der alle dagen, dus ik soe altyd wol wat skriuwe kinne."
It skriuwen rûn sa goed dat se al gau de fraach krige wannear't se it wurk yn boekfoarm útjaan soe. "Ik hear om my hinne dat in soad minsken it herkenne. Bygelyks bern dy't net sliepe wolle, it komt altyd wol oerien."
'Tweelingdingen' fertelt oer hoe't minsken omgean mei harren bern. Postma besiket dêr benammen in positive oanpak yn nei foaren te bringen. "Elk ken de driftbuien yn de winkel wol, ast dêr krekt eefkes oars nei sjochst as âlder, dan sjochst al dy felle kleurkes yn de winkel. Dan tink ik dat alle bern dêr wol oansitte wolle", sa fertelt Postma. "Ast dan twa bern hast, dan moatst in kar meitsje efter hokker bern ast oan draafst." It is ien fan de anekdoates dy't yn har boek nei foaren komt.
Ein oktober komt it boek út. Mear ynformaasje is te finen op de Facebookpagina fan 'Tweelingdingen'.