Twadde edysje keunstbeurs 'Art Noord' yn Museum Belvédère

Mei fanwegen it sukses fan ferline jier is no de twadde edysje fan keunstbeurs Art Noord. Yn 2017 luts de keunstbeurs 2.500 besikers.
© Omrop Fryslân, Karen Bies
De kommende fjouwer dagen is de beurs op 'e nij yn Museum Belvédère op It Hearrenfean. De twa grutte romten fan it museum binne ferdield ûnder tweintich galeryen en keunsthannels, foaral út Fryslân en de rest fan it Noarden. Sy toane har kolleksje om minsken yn de kunde te bringen mei keunst en fansels om wurk te ferkeapjen. Yn ferbân mei LF2018 wurdt der ek wurk fan M.C. Escher oanbean troch galery Frank Welkenhuysen út Utert.
© Omrop Fryslân, Karen Bies
Woansdeitejûn wie de iepening fan Art Noord. Direkteur Han Steenbruggen sei dêrby dat Museum Belvédère graach in skeakel foarmje wol tusken galeryen, museum, keunstners en publyk, mei as doel de ûnderlinge bân te fersterkjen.
© Omrop Fryslân, Karen Bies
De 'Stoomcursus kunst kopen', dy't keunstsamlers Oscar van Gelderen en Manuela Klerkx kommende sneon en snein yn Belvédère hâlde sille, sit al fol. Sy binne de skriuwers fan it boek 'Ontroerend goed: van kunst kijken naar kunst kopen'. Sneon en snein om 12 oere middeis sille Klerkx en Van Gelderen de galeryhâlders ynterviewe yn it museumkafee. Publyk is wolkom.
Art Noord duorret oant en mei snein 30 septimber.