Modelspoormuseum yn Snits moat flink groeie

It Modelspoormuseum yn Snits moat de kommende jierren fjouwer oant fiif kear sa grut wurde. Boppedat moat it in soarte fan attraksjepark wurde. Dat stiet yn de takomstplannen fan direkteur Jan Willem van Beek. Dêrfoar moat it museum wol ferhúzje nei in oar plak. In miljoene-operaasje, mar Van Beek hopet op stipe fan de gemeente. Hy is dan ek mei de gemeente yn petear oer in mooglike lokaasje.
Modelspoormuseum yn Snits moat flink groeie
Op de nije lokaasje moat it museum mear romte krije foar in aktivere museumfoarm. Bern moatte derby kâns krije sels achter it stjoer te krûpen fan bygelyks in Japanske sweeftrein. Dêrneist wol Van Beek dat it yn de nije sitewaasje net allinnich mear draait om treinen, mar ek om oare foarmen fan ferfier.
Als museum moet je willen blijven groeien, anders red je het niet.
Direkteur Jan Willem van Beek
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Van Beek is no goed twa jier direkteur fan it museum. Yn dy tiid is it tal besikers groeid fan 10.000 yn it jier nei hast 20.000. Yn de nije sitewaasje soe dat oantal nochris ferdûbelje moatte.
"Er zijn op dit moment eigenlijk niet genoeg slechtweer-voorzieningen voor kinderen in Friesland. Het Natuurmuseum in Leeuwarden doet het al jaren goed en ook onze collega's van het Scheepvaartmuseum in Sneek timmeren flink aan de weg. Wij willen eigenlijk hen allebei voorbij en de grootste binnenattractie voor kinderen worden in Friesland."
Direkteur Jan Willem van Beek yn it Modelspoarmuseum © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Wytse Vellinga is yn it modelspoarmuseum
Neffens Van Beek binne de plannen realistysk, mar kin der net te lang mei wachte wurde. Se moatte foar ein takom jier in nije lokaasje hawwe. It leafst yn Snits, mar as dat net slagget dan binne se fan doel earne oars yn de provinsje op syk te gean nei in geskikte lokaasje.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga