Straffen foar Harkiten en Stynsgeaster nei spul yn feesttinte

Woansdei krigen trije Harkiten en in ynwenner fan Stynsgea fan de rjochter harren straf oplein, neidat se yn april 2016 spul krigen yn de feesttinte op De Bosk yn De Harkema.
It wie in rûzje mei grutte gefolgen. Doe't in 32-jierrige ynwenner fan Stynsgea op 30 april 2016 yn de feesttinte op De Bosk yn De Harkema ien in klap joech, ûntstie der in grutte fjochterij. Seis Harkiten sochten de Styngeaster dêrnei thús op en fernielden in rut. De 28-jierrige freondinne fan de Styngeaster gie dêrnei mei de auto achter de Harkiten oan. Oft de frou de manlju al dan net mei opsetsin oanride woe, is in punt fan diskusje. De frou ferklearret dat se troch stiennen dy't de manlju troch har autorút smieten, net goed mear sjen koe.
Trije Harkiten krigen woansdei fan de rjochter in wurkstraf fan 70 oeren oplein. Dat is deselde straf as de straf dy't harren trije maten earder dit jier oplein krigen. De Styngeaster krige in boete fan 250 euro. Syn freondinne waard frijsprutsen.