Eaststellingwerf besoarget paspoart thús

Eaststellingwerf is de earste Fryske gemeente dy't paspoarten en identiteitskaarten op eltse winske lokaasje yn it lân besoargje lit. De gemeenteried stimde tiisdeitejûn yn mei in proef. It thúsbesoargjen fan rydbewizen is wetlik net mooglik, al ûndersiket de RDW wol as hjir belangstelling foar is.
Rydbewiis en paspoart © Shutterstock.com
Yn de proefperioade fan in jier moat der 6,95 euro betelle wurde foar de besoarging. It kolleezje tinkt dat der sa'n twatûzen minsken gebrûk meitsje sille fan de service.
De opposysjepartijen fine de útkomsten fan de proef op foarhân al net brûkber. Dat komt, omdat de kosten omheech gean as de proef trochset wurdt. De priis giet dan nei 15 euro en ûnder oare D66 tinkt dat der dan in soad minsken ôfheakje.