Reedriders meitsje oerstap fan kommersjele ploegen nei Gewest Fryslân

It Gewest Fryslân ferwachtet in soad fan it kommend reedrydseizoen. Om't der minder jild en sponsors binne by de kommersjele ploegen, hawwe in protte sterke riders ûnderdak socht by it Fryske gewest.
Reedriders stappe oer nei Gewest Fryslân © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Mar ek by it gewest is jild nedich om de reedriders alle trainingsfasiliteiten te bieden. Neffens trainer Henk Hospes is jild op dit stuit in grut probleem yn de reedriderswrâld. Dochs ferwachtet Hospes dat ynkoarten de sponsors wer waarmrinne sille foar de reedrydsport.
Yvonne Nauta © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yvonne Nauta
Yvonne Nauta dy't de oerstap makke fan Lotto-Jumbo nei it Gewest Fryslân, komt werom fan in blessuere dy't se ferline jier maaie by in training oprûn hat. Sy stelt earst har doelen dêrom by en wol nei in jier wer prizen pakke.
Henk Hospes
© Martin de Jong