Kozakken Boys yn KNVB-beker maatsje te grut foar ONS Snits

ONS Snits leit út de striid om de KNVB-beker. Yn Werkendam wie Kozakken Boys tiisdeitejûn better as de Snitsers: it waard 3-1.
© ONS Snits
Ale de Boer ONS
Al nei trije minuten kamen de Snitsers op efterstân. De thúsploech krige nei in foarset fan Don Bolsius tal fan sjitkânsen, dêr't Charlton Vicento der úteinlik ien fan fersulvere. Net folle letter wie it Ale de Boer dy't de Friezen wer op likense hichte brocht. Kozakken Boys wie lykwols de bettere ploech en it duorre net lang foardat de gasthearen wer op foarsprong kamen.

Kozakken Boys rint út

Ferdigener Nick Kuipers brocht yn earste ynstânsje noch rêding op in skot fan Kozakken Boys, mar Gwaeron Stout wie wach en skeat de rebound binnen. Nei in foarset fan Mats van Huijgevoort smiet Ahmed El Azzouti mei de tredde Brabânske goal de wedstriid yn de earste helte al yn it slot.
Nei it skoft besochten de Snitsers noch wol om de oanslutingstreffer te meitsjen, mar echt gefaarlik waarden se net mear. Ek de thúsploech krige net mear in soad kânsen en dus bleau it ek yn de twadde helte by 3-1.

Nivoferskil

Trainer Paul Ravenau seach tiisdeitejûn sawol positive as negative dingen. "In de eerste helft zie je gewoon het niveauverschil tussen de tweede en de derde divisie. We hebben heel veel moeite gehad met de snelheid en de diepte die ze maakten. Maar wel complimenten aan de ploeg dat we daar in de tweede helft heel snel van konden leren en dat we bij vlagen ook wel zelf het spel konden maken."
ONS-spiler Ale de Boer wie nei ôfrin teloarsteld yn it resultaat. "Yn de twadde helte fyn ik dat wy better binne. Ik baal wol as in stekker, mar as je yn de earste helte de goals sa fuort joust. Dan binne sy wol in stikje better as ús."
Paul Raveneau ONS Snits