Harkemase Boys yn bekertoernoai mei tsien man ûnderút tsjin HFC

Harkemase Boys is der tiisdeitejûn net yn slagge om de twadde ronde fan de KNVB-beker te berikken. Koninklijke HFC út Haarlem wie yn Hillegom mei 4-0 te sterk.
© Orange Pictures
Yn de iepeningsfaze krige de thúsploech in strafskop, neidat Willem Huizing in HFC-spiler ûnderút helle. Keeper Erick Jansema rekke de bal noch wol, mar hy koe net foarkomme dat Khalid Tadmine fan de penaltystip ôf skoarde.

Twa kear giel

De problemen waarden grutter foar de Harkiten doe't âld-Cambuurspiler Noureddine Boutzamar al nei 31 minuten spyljen syn twadde giele kaart krige. De ploech út Haarlem wist dêr foar it skoft lykwols net fan te profitearjen en dus giene de Friezen mei in 1-0 efterstân de klaaikeamer yn.
Klompe Harkemase Boys
Harkemase Boys kaam yn de twadde helte goed út de startblokken, mar it wiene de Haarlemmers dy't it twadde doelpunt fan de jûn skoarden. Floris van der Linden slagge der fan de râne fan it strafskopgebiet yn om Jansema te passearjen. Dyselde Van der Linden makke krekt foar it einsinjaal ek noch de tredde treffer. Frankin Lewis bepaalde de einstân yn blessueretiid úteinlik noch op 4-0.

Klompe realistysk

Trainer Tieme Klompe wie nei ôfrin fan de wedstriid realistysk, mar hy seach dochs noch wat positive punten. "Als je met 4-0 verliest, is dat uiteraard terecht, maar toch hadden we genoeg kansen. Zelfs met tien man bleven we druk zetten en kansen creëren."
Foar HFC-spiler Jacob Noordmans wie it in spesjale jûn. Hy is berne yn Burgum en dus trof hy in tal âlde bekenden. "Ha noch mei Henny Bouius en Robert Stelpstra by Burgum spile. Dus yn it foar wie dat wol moai. Hjir witte se net iens oft Harkema in doarp of de namme fan in klup is, dus ik koe se moai útlizze dat dit in grutte klup yn Fryslân is", sa seit Noordmans.
Fries om utens Jacob Noordmans fan HFC