Marga Waanders foardroegen as nije boargemaster Waadhoeke

Marga Waanders fan de PvdA is tiisdeitejûn foardroegen as nije boargemaster fan de gemeente Waadhoeke. Waanders is no noch boargemaster fan de gemeente Dongeradiel.
Marga Waanders © Omrop Fryslân
Neffens de fertrouwenskommisje wie it in pittige proseduere. Der hiene yn earste ynstânsje tolve minsken sollisitearre nei de funksje. It gie om njoggen manlju en trije froulju.
Waanders folget Hayo Apotheker op, dy't sûnt it ûntstean fan Waadhoeke op 1 jannewaris de waarnimmend boargemaster is. It is de bedoeling dat de nije boargemaster op 30 oktober beëdige en ynstallearre wurdt.
It is in gemeente dy't de fúzje achter de rêch hat, dus der is romte en tiid om yn alle opsichten ek te bouwen oan dy nije gemeente.
Boargemaster Marga Waanders oer har nije gemeente Waadhoeke
Boargemaster Marga Waanders