IM ferfolget skipper Amicitia foar dea Dútske passazjiers

De skipper fan sylskip Amicitia moat him foar de rjochter ferantwurdzje foar it ûngelok op syn skip yn Harns. By dit ûngelok yn augustus 2016 kamen trije Dútsers om it libben doe't de mêst ôfbruts en op de passazjiers terjochte kaam.
© CAMJO Media
De 53-jierrige skipper út Stiens wurdt ferfolge foar dea troch skuld. It Iepenbier Ministearje fynt dat de skipper ferantwurdlik is foar it ûnderhâld oan it skip en stelt dat er hjiryn neilittich west hat.
Ut ûndersyk die bliken dat der sprake wie fan houtrot oan de mêst. De skipper hie rekken hâlden mei ferfolging, mar nimt it beslút dochs 'in klap'.
De rjochtsaak is op freed 16 novimber yn de rjochtbank fan Ljouwert.
IM ferfolget skipper Amicitia foar dea Dútske passazjiers
Direkteur Paul van Ommen fan de feriening beropscharterfeart