Automobilist rekket swierferwûne by botsing op beam yn Ljouwert
In automobilist is yn de nacht fan moandei op tiisdei swierferwûne rekke by in ûngelok op de Professor Meester P.S. Gerbrandyweg yn Ljouwert. De bestjoerder rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk en botste tsjin in beam.

Twa ambulânses, de brânwacht en in traumahelikopter waarden ynset om help te ferlienen. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs yn de stêd brocht. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.