Auto oer de kop op rotonde Sintrale As

Op in rotonde yn de Sintrale As by Dokkum is moandeitejûn in automobiliste ferwûne rekke, nei't se mei har auto oer de kop slein wie. De frou kaam nei it ûngelok fêst te sitten yn har auto en moast der troch de brânwacht út helle wurde.
Auto oer de kop op rotonde by Sintrale As by Dokkum © De Vries Media
It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten brocht. Har auto is fuortsleept. De dyk hat in skoft ôfsluten west. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.