Bestjoer VV Zwaagwesteinde oer de sitewaasje: "It ferskuort de hiele klup"

By fuotbalklup VV Zwaagwesteinde hat him noch nimmen meld om de ferantwurdlikheid op him of har te nimmen foar de denigrearjende en rassistyske opmerkingen dy't der online set binne. De opmerkingen binne in reaksje op it beslút fan de klup om op te hâlden mei it sneinsfuotbal. "Wy sille no opskale, wy nimme dit tige serieus want dit kin fansels net", sa seit it haadbestjoer.
© Omrop Fryslan
It bestjoer fynt it spitich dat se it beslút oer it sneinsfuotbal nimme moasten. Dochs koe it net oars, nei't in tal spilers har weromlutsen út it sneinsteam. Sy hiene tasein om foar de sneinsôfdieling út te kommen, mar diene dat dochs net.

Fertochten

It bestjoer sels hat wol inkele fermoedens as it giet om de minsken dy't achter de kwetsende opmerkingen sitte. Se tinke dat it minsken binne dy't bot belutsen binne by it sneonsfuotbal fan de klup. It soe fanút leedfermaak dien wêze, sa wurdt tocht. "Wy sille sels ek speure, mar dogge ek oanjefte by de plysje", seit Klaas Hoekstra út namme fan it haadbestjoer. As it yndie om klupleden giet, dan sille se royearre wurde.

Ferskuord

Dat it bestjoer hjir no sa bot op ynset dat se sels nei de plysje stappe, hat benammen te krijen mei de takomst fan de klup. "Op it momint dat je dit gjin halt taroppe, en it net rigoreus de kop yndrukke dan tink ik dat wy noch moannenlang dit soarte teksten online fine kinne."
Op de fraach hoe't er no weromsjocht op it beslút en de argewaasje dy't der efterwei kaam is Hoekstra dúdlik: "Dit is in ferfelende bykomstichheid", hy doelt dan sawol op it beslút as de online opmerkingen, "It ferskuort de hiele klup."