FIDEO: Pear hûndert âlde Mercedes kampearbussen yn Earnewâld

In pear hûndert besitters fan âlde kampearbussen fan it merk Mercedes Benz en Hanomag kamen dit wykein mei it foertúch nei Earnewâld. De klup Dubbellucht hat op camping It Wiid en spesjaal wykein organisearre.
FIDEO: Pear hundert alde Mercedes kampearbussen yn Earnewald
De eigeners fan ûnder oaren âlde brânwachtauto's, ambulânses en plysjebuskes treffe elkoar twa kear yn it jier om inoars bus te sjen, ûnderdielen te ruiljen en om te kampearjen. Dat kluptreffen is meastentiids bûten Fryslan.
Alle kampearbussen dy't dielnimme, moatte 15 jier âld wêze. Se binne fan it type mei de platte foarkant en 4 bannen achter. Derom is de klup ek Dubbellucht neamd.