Komt de spiersykte ALS faker yn Burgum foar as op oare plakken yn it lân?
FNP en CDA yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel wolle in yngreven ûndersyk nei de deadlike spiersykte ALS yn de gemeente. De partijen ha it fermoeden dat de sykte faker as lanlik gemiddeld yn Tytsjerksteradiel foarkomt.

Riedslid Freddy de Haan fan de FNP is op it spoar setten troch ynwenner Pieter Postma fan Burgum. Syn frou ferstoar earder dit jier oan Amyotrofische Laterale Sclerose. Postma hat op Facebook in oprop dien oan alle minsken mei ALS om harren te melden.
Ynstânsjes hâlde oant no ta net by wêr't de slachtoffers fan de sykte wenje. ALS is foar in part erflik, mar libbensstyl en omjouwingsfaktoaren spylje ek in rol.