Michel Vlap slachtoffer feroaring trainer Olde Riekerink
Trainer Jan Olde Riekerink fan SC Hearrenfean wiziget syn opstelling nei de lêste wedstriid tsjin Heracles Almelo op ien plak. Dêr wêr't miskien wol ferwachte waard dat de trainer de opstelling op meardere plakken wizigje soe, rekket allinnich Michel Vlap syn basisplak kwyt foar de útwedstriid fan sneon tsjin Excelsior.

Michel Vlap syn plak wurdt ynnommen troch Mitchell van Bergen. Hy kaam trije wiken lyn oer fan Vitesse en kaam oant no ta net fierder as twa ynfalbeurten. Van Bergen sil op rjochtsbûten spylje. Daniel Høegh en Kik Pierie foelen snein blessearre út, mar binne fit genôch om mei te dwaan tsjin Excelsior.
Opstelling: Hahn; Floranus, Høegh, Bulthuis, Pierie; Kobayashi, Thorsby, Rienstra; Van Bergen, Lammers en Zeneli.
De wedstriid Excelsior - Hearrenfean is sneon live te folgjen op Omrop Fryslân Radio fan 18.30 oere ôf. Kommentator is Roelof de Vries.