Resinsje: Skeltemania
Ljouwert-Fryslân is Kulturele Haadstêd fan Europa en dus stiet ús provinsje yn 2018 bol fan de kulturele eveneminten. Toaniel, teäter, muzyk, festivals en gean mar troch, it kin net op. Dêrom stjoere we ús omroppers nei ferskate fan dizze foarstellingen ta as resinsint.
Resinsje: Skeltemania
Wa bisto?
Aise van Beets
Wat dochsto by de Omrop?
Ik bin programmatechnikus en programmamakker Prelude en Koperkanaal
Wat hasto mei kultuer?
Eartiids spile ik kornet en trombône by brassband en letter fanfare Nij Libben út Wytmarsum. By de Omrop bin ik belutsen by sawat alle HaFaBra opnamen, fan konsert oant konkoersen en dat yntusken goed 25 jier. Sa no en dan gean ik nei in foarstelling yn De Lawei yn Drachten, mar dêrmei is it dan ek wol sein. O nee, as ynwenner fan Dronryp gean ik alle kearen nei it iepenloftspul yn ús doarp! As EHBO-helpferliener!
Wêr hast hinne west?
Muzykteater Skeltemania op twa lokaasjes yn Skettens
Hoefolle stjerren joust dizze foarstelling?
Fjouwer stjerren

As âld-ynwenner fan Wytmarsum koe ik Skettens maklik fine en de navigaasje die de rest. In stik lân wie as parkearplak ynrjochte. Dêrwei kuieren wy nei de pleats Osingastate foar it earste part fan de foarstelling Skeltemania, oer it libben fan de 17e-iuwske militêr Skelte van Aysma (1578-1637).

De pleats is boud op it plak dêr't earder it kastiel fan Skelte van Aysma stie. Yn de stâl fan de pleats hawwe se in teäter boud mei stuollen, ljocht en lûd. De klanken fan fanfare Excelsior fan Skraard wiene bûtendoar al te hearren.
Yn 2016 is der yn de tsjerke fan Skettens in helm fan fjouwer iuwen âld ûntdutsen. Wat letter fûnen se yn in grêfkelder fiif deadshollen en wat bonken. Ut ûndersyk die bliken dat de helm fan de Fryske kolonel Skelte van Aysma wie. Dit alles hat laat ta de foarstelling Skeltemania, in muzykteäterstik ûnder lieding fan regisseur Eelco Venema.

De foarstelling begûn mei de brulloft fan Skelte en Tjemck van Osinga. De muzyk fan de fanfare, it aktearwurk fan Raymond Muller (Skelte) en de sang fan Fardau van der Woude (Tjemck) brochten it ferhaal dúdlik en de ferhaalline wie prima te folgjen, ek mei help fan it programma-oersjoch. Dirigint Thom Zigterman hat alle komposysjes skreaun of bewurke en dat is him wol tafertroud. De buorkerijkat dy't by in sêne miaukjend nei binnen kuiere om even te sjen wat hjir oan de hân wie, soarge foar hilariteit ûnder it publyk en de muzikanten. De sang fan Fardau by de fanfare kaam prachtich út 'e ferve. Bêst lestich yn in romte sûnder dy handige akoestyk dy't sa belangryk is foar muzikanten. Yn guon passaazjes mocht de man achter de lûdsknoppen de stimmen wol wat mear helpe, om fersteanber te bliuwen boppe it orkest út.

Der wie in goede balâns yn de ferhaalline en wat te sjen en te hearren wie. En dat mei mar twa generale repetysjes foar dizze try-out, myn kompliminten! By de stjersêne fan Tjemck har heit like de muzyk wat los te stean fan de spile sêne, dêr hie wol mear drama yn de muzyk sitte kinnen. De rest fan de foarstelling wie der just in moaie harmony tusken de sênes en de orkestklanken. Nei dit part folge de prosesje fan Osingastate nei de tsjerke fan Skettens. Gelokkich wie it drûch en waaide it amper. De dyk wie ferljochte mei fakkels, wylst wy achter it hynder en wein mei de deakiste nei de begraffenis rûnen.

Normaalwei ferrint sa'n tocht yn stilte, no learde ik fan de minsken om my hinne dat Bert en Ernie net samar freontsjes binne en dat kuierje mei twa nije heupen net tafalt. Troch it gepraat wiene de tromslaggers foaryn de stoet amper te hearren.

Yn Skettens waard de groep yn twaen splitst, omdat de tsjerke net safolle minsken yn ien kear herbergje kin. Yn de tsjerke wie de rouplechtichheid. Wer mei sang fan sopraan Fardau ûnder begelieding fan in saksofoansekstet.

Fan de kânsel ôf liet sy sjen dat sy neist sjonge ek prima aktearje kin. Yn de tsjerke wie wól in skitterjende akoestyk en dêrom wie fersterking hjir net nedich. Wat foar de ien humor is, is foar de oar betiizjend. Ek Skelte sels kaam nammentlik lâns op syn eigen begraffenis, en hy wie it net altyd iens mei de gong fan saken. It slotstik wie tige kreatyf en ferrassend, mar tagelyk yn styl. Wa't nijsgjirrich wurden is, moat echt sels nei de foarstelling ta.
Sawol de dirigint, de haadrolspilers, de produsint mar ek it publyk kinne weromsjen op in tige slagge jûn. Dizze try-out foarstelling wie spitigernôch net hielendal útferkocht, mar de folgjende trije foarstellingen fan freed, sneon en snein wol. Der binne noch kaarten foar in ekstra foarstelling op freed 28 septimber. Sjoch op www.skeltemania.nl.

Mei tank oan sa'n 120 meiwurkers, wêrûnder in soad frijwilligers út Skettens en de buordoarpen Longerhou en Skraard, hiene wy in geweldige jûn. Tige tank dat ik hjir as Omropmeiwurker by wêze mocht.