Earste dichtwedstriid op Skiermûntseach smyt 255 ynstjoerings op

De alderearste literatuerpriis fan it eilân Skiermûntseach hat 255 ynstjoerings opsmiten. Dat is mear as de inisjatyfnimmers ferwachte hiene. It tema fan de dichtwedstriid is de see.
De fjoertoer fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De dielnimmers koene it earste healjier fan 2018 bydrages ynstjoere yn it Frysk, Nederlânsk of Skiermûntseagersk. Der kamen gedichten út binnen- en bûtenlân.
Yn de sjuery sitte kabaretier Bert Visscher, boargemaster Ineke van Gent en âld-bibliotekaris Simone de Boer. Sy hawwe alle gedichten beoardiele en dêr binne fiif nominaasjes út kaam. No sneontemiddei wurdt trije priiswinners bekend makke. De bêste fjirtich gedichten ferskine yn in spesjale bondel dy't sneon ek presintearre wurdt. Dat is yn de Got Tjark op it eilân, Skiermûntseagersk foar de Grutte Tsjerke.