Cambuur spilet freed yn sfearleaze ambiânse út tsjin Jong FC Utrecht
Cambuur spilet freed de útwedstriid tsjin Jong FC Utrecht. De wedstriid wurdt spile yn De Galgenwaard. Mei sa'n seishûndert taskôgers sil de ambiânse yn Utrecht frij sfearleas wêze en moat it allegearre wol hiel bot út de spilers sels komme.
Trainer René Hake
Cambuurtrainer René Hake woe tongersdei nei de lêste training gjin opstelling neame. Hy is der noch net hielendal oer út, seit er. "Ik denk erover na wat te veranderen. Ik was tevreden met het resultaat vorige week, maar veel facetten moeten beter."
Schindler en Van Kippersluis binne net hielendal fit, mar it liket derop dat sy wol spylje kinne. Hake: "Maar als het een te groot risico is, dan moet je daar met het oog op het programma rekening mee houden." De trainer fan Cambuur seit it net mei safolle wurden, mar it soe kinne dat Sai van Wermeskerken nei in matige wedstriid ferline wike plakmeitsje moat foar Jordy van Deelen.
FC Utrecht stiet op it santjinde plak, mei trije punten út fiif wedstriden. René Hake: "Ik kijk niet naar de positie op de ranglijst. Ik kijk hoe we voetballen, hoe we taken uitvoeren. We moeten, ongeacht de stand op de ranglijst, onze eigen dingen doen. Doen waar we goed in zijn." Fan ûnderskatting wol Hake neat witte: "Deze wedstrijd wordt lastig zat."
Nigel Robertha
Fermoedlike opstelling Cambuur: Mous, Van Wermeskerken (Van Deelen), Mbende, Schilder, Sambissa; Schils, Schindler, Ciganiks, Mathieu; Van Kippersluis (Robertha), Rossi.