Máxima yn Drachten foar mear muzyk op skoallen

Hege besite tongersdei yn Drachten: keninginne Máxima wie dêr by de ûndertekening fan in konvenant oer mear muzyk yn de klasse.
Máxima yn Drachten foar mear muzyk op skoallen
Yn it konvenant prate skoallen, muzykskoallen, de provinsje, gemeenten en kulturele ynstellingen ôf, dat se soargje dat bern op skoalle mear mei muzyk yn oanrekking komme. Muzyk is belangryk foar de ûntwikkeling fan de bern.
It ûndertekenjen bart yn De Lawei yn Drachten en dêr wiene ek bern, dy't al in soad mei muzyk dogge.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Keninginne Máxima is yn Drachten
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust