Gemeenteried Ljouwert ropt 'wurkgroep Frysk' yn it libben
De gemeenteried fan Ljouwert hat woansdeitejûn besletten om in 'wurkgroep Frysk' yn it libben te roppen. Dy wurkgroep krijt as opdracht om - yn dialooch mei de befolking - foarstellen foar in 'folslein Frysk taalbelied' te dwaan. De moasje foar de wurkgroep waard yntsjinne troch FNP, Lijst058, CDA en PvdA en waard oannommen mei mar twa stimmen tsjin. De ried wol graach yn alle gefallen de Fryske Beweging en it Europeesk Buro foar Lytse Talen by de wurkgroep belûke. Dizze organisaasjes sprutsen ferline wike yn by it Polityk Poadium en diene dêr ferskate suggestjes foar in better taalbelied.

De Ljouwerter ried wie ferline wike kritysk oer de taalnota fan kultuerwethâlder Sjoerd Feitsma. Partijen as PvdA, CDA en PAL/GrienLinks fûnen de nota fan Feitsma 'te frijbliuwend', ek al omdat der gjin budzjet en gjin formaasje yn stie om wurk te meitsjen fan taalbelied. Feitsma seit no dat er de taalnota foaral sjen wol as 'in begjin'. Ljouwert is fan doel om mear oan it Frysk te dwaan, mar moat dat noch ûntwikkelje. Ek wol Feitsma neier ûndersyk dwaan litte nei it Frysk yn de Fryske haadstêd en de 35 doarpen fan de gemeente Ljouwert.
Oannommen
De taaloardering Frysk fan de gemeente Ljouwert waard wol mei algemiene stimmen oannommen. De taaloardering regelet dat boargers Frysk brûke kinne by de gemeente, sawol mûnling as skriftlik. PAL/GrienLinks die it foarstel om boargers dy't de gemeente belje gelyk kieze te litten tusken Frysk en Nederlânsk as fiertaal, mar dat foarstel waard oanhâlden. Feitsma koe net oanjaan hoe djoer soks wêze soe en hat mear tiid nedich om ien en oar út te sykjen.