Lions Heerenveen hellet jild op foar Jeugdsportfûns: "Elk bern moat sporte kinne"
Atletyk, tennis of basketbal: de skoalbern fan It Hearrenfean koene woansdeitemiddei yn 'e kunde komme mei allerhanne sporten op de jierlikse sportdei. Organisator is Lions Heerenveen, dy't it ôfrûne jier jild ophelle hat sadat alle bern sporte kinne. Mei in tennistoernoai en in golf-event waard goed 18.000 euro ynsammele. "Dêr kinne hiel wat bern fan sporte."

De sportmiddei begûn mei in rûnlieiding troch it Abe Lenstra-stadion. Dêrnei koene de bern oan de slach op de atletykbaan fan AV '55. Mei de sportmiddei wol Lions Heerenveen bern priuwe litte oan de ferskate sporten.
Foarsitter Remco van der Weide leit út hoe't dit inisjatyf ûntstien is. "We vinden het belangrijk dat alle kinderen met sport in aanraking komen. Er zijn gezinnen die het financieel lastig hebben om de contributie te betalen. Daarom hebben we het afgelopen jaar geld ingezameld, zodat ook deze doelgroep de mogelijkheid heeft om te sporten."
Wy hoopje dat der in fonkje oerspringt sadat bern thús sizze: ik wol graach sporte.
Jeugdsportfûns
De Lions Heerenveen wurket dêrby aktyf gear mei it Jeugdsportfûns fan Sport Fryslân. Gerard Jonker is sekretaris en leit út hoe't dy gearwurking derút sjocht. "Wy besykje mei de sportmiddei bern te ynspirearjen en hoopje dat der in fonkje oerspringt, sadat bern thús sizze: ik wol graach sporte. Mei help fan de gemeente, buertsportcoaches en de skoallen wurde de húshâldings yn kontakt brocht mei it Jeugdsportfûns."
Geert van Tuinen sjocht by de sportmiddei