Wurk oan de dyk yn Twizelerheide
Yn Twizelerheide is woansdei offisjeel úteinset mei it wurk oan de Doarpsstrjitte en de Gealewei. It startsein waard jûn troch wethâlder Max de Haan fan de gemeente Achtkarspelen. Hy mocht mei in grutte shovel in diel fan de klinkers fuorthelje.

Yn de Doarpsstrjitte bestiet it wurk út it opknappen en ferkearsfeiliger meitsjen fan de dyk. Sa krije de krusings in opfallende ynrjochting en ferdwine de parkearstroken oan de kant fan de dyk. Yn de Gealewei wurdt ek it rioel ferfongen. De ferkearsdrompel op it krúspunt fan de Doarpsstrjitte en de Gealewei bliuwt.
By it betinken fan de plannen is neffens de gemeente Achtkarspelen wiidweidich praat mei de bewenners fan de buert en mei pleatslik belang. As earste wurdt no de Gealewei oanpakt. As dat wurk klear is, wurdt de Doarpsstrjitte oanpakt. Alles moat yn de maitiid fan takom jier klear wêze.