Teltsjebeam is de namme fan de nije strjitte yn De Westereen

Yn De Westereen is woansdeitemiddei de nije strjitte iepene, dy't kommen is op it plak fan de âlde kristlike basisskoalle De Boustien. De strjitten yn de buert hawwe allegear de namme fan in beam. Dêrom is in namme keazen dy't by dat tema oanslút. De nije strjitte krijt de namme 'Teltsjebeam'.
© Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Boargemaster Klaas Agricola fan de gemeente Dantumadiel iepene de nije strjitte tegearre mei de bern fan basisskoalle De Boustien. Yn de Westereen is in nije brede skoalle kommen. Dêrom wie it âlde gebou fan De Boustien oertallich. Op dat plak binne 15 nije hierwenten boud.
De skoalbern mochten by de iepening harren winsken foar de takomst opskriuwe en yn ien fan de nij oanplante beammen hingje. In bysûndere winsk kaam fan Tessa: "Home is where Wifi is". Want sa seit sy: "Ik hâld hiel bot fan Wifi op myn telefoan".
De Teltsjebeam is in fiktive namme dy't ûntliend is oan in boek fan de Fryske skriuwster Diet Huber. Har boek wie in oersetting út it Sweedsk en waard yn 1976 útbrocht.
Geert van Tuinen wie yn De Westereen