Seediken sterker as tocht

It asfalt op ús seediken is in stik taaier as Wetterskip Fryslân tocht. Ferline jier binne der stikken asfalt út de dyk seage by Lauwerseach. Dy binne nei it laboratoarium fan Deltares yn Delft brocht. Dêr is der fan alles op loslitten, benammen in hiel soad wetter. Dêrút docht bliken dat it asfalt sterker is as earder skatten. Dat hat gefolgen foar de beoardieling fan seediken yn hiel Nederlân. Diken wurde hjirtoch minder gau ôfkard en dat kin miljoenen euro's skele, omdat it ûnderhâld útsteld wurde kin.
Seediken sterker as tocht
Seediken mei asfaltbeklaaïing lizze yn Noard-Nederlân en Seelân. Der is by de proef ek sjoen nei it wetterpeil yn seediken. Dêrút docht bliken dat by in heech wetterpeil de diken hiel kwetsber wurde. Sân sakket nei ûnderen ta en it asfalt fan de dyk ferfoarmet. Dat is foar te kommen troch in dyk sa te ûntwerpen dat it wetter dat der mei rein ynkomt noch makliker útstreamt. Dat wetter kin troch de beklaaiïng mei stien oan de seekant komme of oan de oare kant fan de dyk yn de dykssleat streame.
Ferslachjouwer Remco van Dijk praat mei Jan Hateboer fan Wetterskip Fryslân
De dyk by Lauwerseach is al 49 jier âld © Omrop Fryslân, Remco de Vries