Grutte himpplantaazje oprôle op De Harkema

De plysje hat woansdei op 'e nij in himpplantaazje oprôle yn Fryslân. Dizze kear gie it om in kwekerij op De Harkema. De plysje is dizze hiele wike dwaande mei in spesjale aksje om de himpteelt yn it noarden fan Nederlân oan te pakken.
Grutte himpplantaazje oprôle op De Harkema
Earder al waarden der plantaazjes oprôle yn ûnder oare De Pein, Drachten en Nij Beets. De kwekerij op De Harkema siet yn in wenhûs en wie neffens de plysje grut fan omfang. Njonken de planten waarden der ek yllegale stroomôftaappunten fûn.