Toon Molleman wurdt nije direkteur finzenis Ljouwert

De finzenis yn Ljouwert krijt in nije direkteur. Toon Molleman folget mei yngong fan 1 oktober Obe Veldman op as direkteur fan de penitinsjêre ynrjochting de Marwei.
Toon Molleman © Eigen foto
Molleman is no noch strategysk managementadviseur fan de difyzje finzeniswêzen/frjemdlingen fan de Dienst Justitiële Inrichtingen. Hy wie ek ûndersiker by it Wetenschappelijk Onderzoek- en Documentatiecentrum fan it ministearje fan Justysje en Feilichheid.
Obe Veldman wie sûnt desimber 2017 waarnimmend fêstigingsdirekteur fan de Marwei. Hy sil no direkteur wurde fan it Justitieel Complex yn Zaanstad.