Romke de Jong (D66): "De provinsje moat taken oerdrage oan gemeenten"

De provinsje moat taken oerdrage oan gemeenten. Dat seit listlûker Romke de Jong fan de Fryske D66 yn It Polytburo. De gemeenten wurde hieltyd grutter en kinne wol taken fan de provinsje oernimme, fynt hy.
Romke de Jong yn It Polytburo
It sil ien fan de spearpunten wurde foar de kommende provinsjale ferkiezingen. "Echte demokrasy fynt plak op gemeentlik nivo", seit De Jong. "Je moatte dus hiel goed sjen nei de rol fan de provinsje fan no en yn de takomst."
Dêr wol De Jong sa gau as mooglik mei begjinne: "It begjint mei it harkjen nei de gemeenten: wêr is ferlet fan en wêr kin de provinsje mei helpe?"

Iepenbier ferfier

Fierder wol de partij ynsette op better iepenbier ferfier en op sirkulêre ekonomy. Dat der goed iepenbier ferfier is, is neffens De Jong bygelyks ek wichtich foar it ûnderwiis: "It is belangryk om de jongeren hjir te hâlden. Dat betsjut: goede staazjeplakken, ek op kennisnivo. En dêr is ferfier ûnderdiel fan. It moat derfoar soargje dat ús jongerein hjir goed leare kin, mar ek in baan fine kin. Der is hjir net folle, dus dêrom kieze we foar mobiliteit en goed iepenbier ferfier."
D66 hat no twa sitten yn Provinsjale Steaten. De partij behelle by de lêste ferkiezingen trije sitten, mar Sietze Schukking stapte út de fraksje. "Dat hat in kar west fan de hear Schukking. It is skande, want it ferlytset ús slachkracht as partij. Dat hoopje we by de kommende ferkiezingen wer goed te meitsjen."

Fertrouwen yn Pechtold

De Jong sei dat er noch altyd fertrouwen hat yn de polityk lieder fan D66, Alexander Pechtold: "Ik fyn dat Pechtold in fantastyske steat fan tsjinst hat by ús partij en in hiel soad berikt hat." De Jong joech wol ta dat it foar syn partij in drege kampanje wurdt foar de kommende Steateferkiezingen, takom jier maart. D66 ferliest yn rap tempo de stipe fan syn kiezers, sa docht bliken út ferskate peilingen.