FIDEO: Boer Jan en boer Jochum oer Boer zoekt Vrouw-boer Remco

It is moandei drok yn De Fochtel, in plakje mei sa'n 500 ynwenners yn de gemeente Eaststellingwerf. Ferslachjouwers, paparazzi en kameraploegen binne dêr om wat te sjen fan de 28-jierrige boer Remco.
FIDEO: Boer Jan en boer Jochum oer Boer zoekt Vrouw-boer Remco
Yn de ôflevering fan sneintejûn fan it programma Boer zoekt Vrouw wie te sjen hoefolle brieven elke kandidaat krigen hie. Mar leafst 47 froulju hienen boer Remco in leafdesbrief skreaun. Neat liket de romantyk yn it paad te stean, mar doe brocht presentatrise Yvon Jaspers mei de meidieling dat boer Remco falsk spile hie.
"Doordat Remco al met meerdere dames contact bleek te hebben, die dat niet van elkaar wisten, en hen ook heeft gevraagd te schrijven, heeft hij in onze optiek niet fair gehandeld."
Dêrom ha de makkers fan it programma besletten om boer Remco net langer te folgjen. Remco wie moandei de hiele dei net te besetten. Op de webside fan it programma hat er syn ekskús oanbean: "Ik had dit natuurlijk nooit moeten doen. Ik had eerlijker moeten zijn tegen de vrouwen en tegen Boer zoekt Vrouw."
Boer Remco © KRO-NCRV

Boer Jan

Boer Jan die yn seizoen 2007/8 mei."Ik bin grut fan en sjoch altyd. Ik hie east net yn gaten wat se bedoelden, mar Remco hat ûndogensk west. As je meidogge oan sa'n programma binne der regels en dêr moatst dy oan hâlde." Hy hat ek wol mei paparazzi te krijen hân. "Se leinen yn de struken, dan gie ik der hinne om te fûstkjen, sa fan wa binne jo, even in praatsje meitsje. It binne gewoane minsken mei in nuver fak." Hy fynt it spitich foar boer Remco dat er no alle wille mist. "Ik ha genoaten fan it aventoer." Hy hat ek noch wol in tip foar Remco: komt tefoarskyn en stean de minsken te wurd.

Boer Jochum

Boer Jochum die yn 2006 mei, hy sjocht it programma wolris. "Der binne strange regels, meist de kasjêre net iens oansjen, der koe ris wat gebeure." Hy krige 167 brieven. Paulien sprong derút, mar dy woe net op telefzyje, dus dêr hie er gjin kontakt mei. "Se siet wol yn myn achterholle. Twa moannen nei de opnamen ha ik wer in brief fan har krigen. We moasten it stilhâlde om't it programma noch op tv kaam." Underwilens binne se al tsien jier troud.