Earste folslein elektryske betonmikser is Frysk

Wierda Hybrid Technologies op De Jouwer is der yn slagge om foar it earst in folslein elektryske betonmikser te bouwen. De nije masine sil kommende tongersdei op in grutte beurs yn it Dútske Hannover presintearre wurde. Yn de nije betonmikser is sawol de frachtauto as de nije mikser sels folslein elektrysk. Neffens de bouwers moat dat sa'n tachtich persint oan CO2-útstjit besparje.
Earste folslein elektryske betonmixer is Frysk
It bedriuw is al in oantal jierren dwaande mei it ûntwikkeljen fan de duorsume mikser. Sa wie it earder al slagge om de masine sa te bouwen dat der allinnich noch mar disel nedich wie foar it riden. It miksen gie al folslein elektrysk. Dat smiet al in besparring fan de útstjit op fan sa'n 35 persint, mar dit giet dus noch in stapke fierder.
De mixer is al folslein elektrysk, de frachtauto daliks ek © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De bouw is een lastige bedrijfssector om elektrisch te maken.
Jan-Johan Kamsma, Wierda Hybrid Technologies
Doel fan Wierda is om yn Hannover earst sjen te litten dat it mooglik is om in folslein elektryske betonmikser te bouwen. It hinget dêrnei fan de merk ôf oft se him ek echt yn produksje nimme. Neffens Jan-Johan Kamstra fan it bedriuw is it in wichtige earste stap, mar wolle se eins noch folle fierder gean.
"De bouw is een lastige bedrijfssector om elektrisch te maken. Een paar jaar geleden hebben we ook al elektrische graafmachines ontwikkeld, maar in de aanschaf zijn die nog vrij duur. De bouwbedrijven hebben op dit moment nog niet genoeg geld om zo'n investering te doen, zelfs al is de terugverdientijd relatief kort."
Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie by it bedriuw
Dat der net mear masjines yn de bou draaie op elektrisiteit leit oan de batterijen © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Oft der meikoarten noch mear masines yn de bou elektrysk wurde kinne, hinget benammen ôf fan de ûntwikkeling fan de batterijen. Kamstra: "De machines in de bouw zijn over het algemeen vrij zwaar en het vergt dus heel veel energie om die in beweging te krijgen. Dat lukt nog niet met de huidige generatie batterijen." Dat it no mei de betonmikser wol slagge is, komt trochdat dy masines relatyf sjoen mar koarte ôfstannen hoege te riden en se dus faak wer opladen wurde kinne.