Achtstegroepers kinne yn Damwâld al nei de mavo ta

Learlingen fan groep 8 fan pcbo-skoallen yn Dantumadiel hoege net mear te wachtsjen oant it nije skoaljier: se kinne no ek al nei kristlike mavo De Saad yn Damwâld.
© De Saad, Damwâld
Learlingen kinne ferskate wiken bloklessen technyk, IT & ûntwerpe folgje. Bern kinne yn de kunde komme mei de middelbere skoalle en har praktyske en hegere tinkfeardigens traine. Yn de takomst kin de gearwurking útwreide wurde, dat hinget ôf fan de evaluaasje fan dit earste jier.
Beide organisaasjes wolle de oergong fan primêr nei fuortset ûnderwiis sa minder grut meitsje.