Ferrassende winst foar Mid-Fryslân yn Fryske derby

Yn de haadklasse A fan it fjildkuorbaljen hat Mid-Fryslân ferrassend de oerwinning pakt tsjin SCO. Yn Reduzum waard it 17-14.
SCO út Aldeholtpea wie in wike earder noch sterk úteinset yn de kompetysje mei in 29-16 winst op Oost-Arnhem, wylst Mid-Fryslân doe flink ûnderút gie tsjin KCC mei 22-13.
Beide Fryske teams steane achter Groen Geel en KCC foarearst op in dield tredde plak yn de kompetysje.