LDODK wint thús fan AW/DTV

De kuorballers fan LDODK hawwe yn de eareklasse ek it twadde duel yn winst omset. Nei de winst op Tempo ferline wike yn Alphen aan den Rijn waard no AW/DTV út Amsterdam mei 15-13 ferslein.
LDODK
Op 'e Gordyk begûn AW/DTV knap en kaam mei 2-4 foar, mar fia trije goals fan André Zwart en twa fan Erwin Zwart stie LDODK by it skoft 10-6 foar.
Yn de twadde helte sakke it nivo nei in bedroevend peil, en wisten de Amsterdammers oant ien punt werom te kommen: 11-10.
Femke Faber, Marjolijn Kroon en ynfaller Julian Frieswijk lutsen úteinlik de oerwinning oer de streek.

Ambysje

By LDODK stiet Henk Jan Mulder as trainer-coach foar de groep. Mulder wie ferline seizoen earst assistint fan Erik Wolsink, mar doe't dy yn maart ûntslein wurde naam Mulder as ynterim syn taken al oer. Mulder en LDODK binne ambisjeus en wolle dit seizoen op alle fronten meidwaan foar de prizen.
Kuorbal