Liveblog | 15 septimber 2018

LIVEBLOG: ONS Snits - Harkemase Boys

De Fryske derby tusken ONS-Snits en de Harkemase Boys is de earste wedstriid fan 'e wike by Omrop Fryslân. Folgje hjir alles live.
Lêst bywurke: 15 septimber 2018, 20:10
20:09

Ein LIVE-blog

Hjirmei binne wy oan de ein kaam fan dit liveblog. Letter op de jûn kinne jo op omropfryslan.nl en op de omrop app reaksjes en bylden ferwachtsje fan dizze wedstriid. Foar no in moaie jûn!
20:08

Man of the Match

19:54

Harkemase Boys wint Fryske derby fan ONS Snits

It is dien! Harkemase Boys wint de Fryske derby fan ONS Snits. Yn de twadde helte iepene Henny Bouius de skoare foar Harkemase Boys. Martijn Barto makke fuortendaliks de lykmakker. Matchwinner waard Robert Stelpstra. Hy kopte yn de 73ste minút de winnende 2-1 tsjin de touwen.
19:49

Blessueretiid giet yn

De 90 minuten sitte derop en dus giet de blessueretiid yn. Mar hoefolle minuten komme derby? Der is gjin fjirde official en dus wit allinne skiedsrjochter Nick Smit hoefolle ekstra tiid der komt.
19:47

Harkemase Boys wikselt foar it earst

Mei noch twa minuten te gean wikselt Harkemase Boys-trainer Tieme Klompe foar it earst. Jari Slort, de man fan de assist by de 1-2, makket plak foar Pier Veldman. Kinne de Snitsers it de Harekiten noch dreech meitsje yn de slotminuten?
19:43

Jansema hâldt syn ploech yn libben

Oef... Wat is Harkemase Boys-keeper Erick Jansema dêr belangryk foar syn ploech. Hy moat rêding bringe op de ynset fan Genridge Prijor. Noch fiif minuten te gean yn Snits en Harkemase Boys noch altyd op foarsprong: 1-2.