Thorsby en Zeneli wer fit foar Heracles
Sportklup Hearrenfean kin snein yn de wedstriid tsjin Heracles Almelo gewoan beskikke oer Morten Thorsby en Arber Zeneli. Beide spilers wiene net hielendal fit, mar neffens trainer Jan Olde Riekerink kinne se snein spylje. Wol binne der oare fraachtekens.
Olde Riekerink Heracles
Jan Olde Riekerink: "We zijn net weer compleet. Alle internationals zijn weer terug. Jordy Bruijn, Jan Bekkema en Emil Frederiksen zijn nog geblesseerd, maar Frederiksen sluit vandaag weer aan. Bruijn kan misschien morgen weer aansluiten. Doke Schmidt is nog altijd niet fit en is er zondag niet bij. Floranus speelt dus weer."
Thorsby en Zeneli kamen in bytsje blessearre werom fan in ynterlânwike, mar kinne snein meidwaan.
Nicolai Næss spilet net, mar bliuwt Mister Nice Guy
Nicolai Næss kaam in jier lyn nei Hearrenfean. Mar de de no 25-jierrige Noar komt hast net oan spyljen ta. Ferline seizoen spile hy yn njoggen wedstriden mei en mar twa kear dêrfan hie hy in basisplak. Ek ûnder de nije trainer spilet hy net in soad. Sterker noch, Næss hat yn de earste fjouwer wedstriden noch gjin minút spile.
Dochs bliuwt er optimistysk, posityf en skopt hy net nei: "Ik moet gewoon laten zien dat ik goed genoeg ben. Elke dag hard trainen. Of ik weg wil? Nee, niet over nagedacht." Syn âlde klup Stabæk soe ynteresse ha. "Dat zijn valse geruchten en er klopt niks van."
Nicolai Naess Heracles
Wierskynlike opstelling: Hahn; Floranus, Hoegh, Bulthuis, Pierie; Kobayashi, Thorsby, Rienstra; Vlap, Lammers en Zeneli.
De wedstriid Hearrenfean - Heracles is snein live te folgjen op Omrop Fryslân Radio fan 14.30 oere ôf. Kommentator is Roelof de Vries.