Betinkingsplak foar it azc yn Balk

Der komt in betinkingsplak foar it azc yn Balk. It doarp hat twa jier in asylsikerssintrum hân, mar it azc giet no ticht. Om net te ferjitten dat der asylsikers yn Balk wenne ha, komt der in monumintsje oan de Wikelerdyk yn it doarp.
Betinkingsplak foar azc Balk
It idee foar in monumint komt fan lokaasjemanager Gerrit de Lang. "Nee, het is niet per se nodig", seit De Lang. "Maar het is leuk om iets na te laten aan het dorp. We laten ook de lampen van het azc voetbalveld na aan de voetbalvereniging in het dorp. En deze stenen lagen op het terrein, dus toen ontstond het idee om daar iets mee te doen."
It is de bedoeling dat it monumint op 28 septimber klear is. De Lang: "Dat is de laatste dag dat we ook nog in het azc zijn. Dan leveren we de sleutels in en is het COA hier weg."
Monumint fan it azc yn Balk
It koste in soad muoite om it azc yn Balk te krijen, want in groep ynwenners seach it net sitten. Uiteinlik kaam it asylsikerssintrum der al, mar nei twa jier giet it ek al wer ticht.