Wenningbrân oan de Hearewei ûnder kontrôle
De brân yn it hûs oan de Hearewei yn Donkerbroek is ûnder kontrôle. De brânwacht joech it sein 'brand meester'. De brân waard al ridlik rap opskaald nei 'middelbrân'. Korpsen út Fryslân en Drinte wiene beide te plak.

De brân begong yn in sliepkeamer. Hoe't dy brân ûntstien koe, is net dúdlik.