Wedstriid Hearrenfean tsjin Heracles giet troch

De wedstriid sneintemiddei tusken SC Hearrenfean en Heracles Almelo giet nettsjinsteande de foarnommen plysje-aksjes gewoan troch. Neffens boargemaster Tjeerd van der Zwan giet it om in 'aanvaardbaar risico' en hoecht de wedstriid net skrast te wurden. Supporters fan Heracles moatte wol mei in ferplichte buskomby nei it Abe Lenstra stadion ta.
sc Heerenveen - Heracles Almelo © Omrop Fryslân
De ôfrûne dagen hat der drok oerlis west tusken de beide fuotbalklups, de gemeente Hearrenfean, it Iepenbier Ministearje en de plysje. Woansdei hat der op 'e nij oerlis west tusken de klups en de boargemaster. Doe is it beslút naam dat de wedstriid trochgiet.