'Djippe skuorren yn dyk by Heech binne net gefaarlik', Wetterskip lit se sitte

De skuorren yn de Mardyk by Heech bliuwe sitten. Wetterskip Fryslân docht gjin reparaasje oan de dyk. De skuorren ûntstiene fan 't simmer troch de grutte drûchte yn ús provinsje.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Nei ynspeksje fan diken en kaden die bliken dat de situaasje by Heech, by de Djippe Sleat del, it slimste wie. Rayonbehearders hâlde de saak goed yn de gaten, mar gefaar is der perfoast net. De skuorren wiene soms wol 90 sintimeter djip en 20 sintimeter breed oer in lingte fan 2 kilometer.
It wetter giet lykwols net troch de klaai hinne, sadat it ûnderlizzende fean net fuortspield wurdt. Troch de skuorren iepenlizze te litten hopet Wetterskip Fryslân te learen. Wis is dat der net mear sokke 'swiere klaai' brûkt wurde sil by diken, seit projektlieder Niek Bosma fan Wetterskip Fryslân.
Projektlieder Niek Bosma, Wetterskip Fryslân