Duo krijt wurkstraf foar bestellen fan en beteljen mei falsk jild

In 22-jierrige ynwenner fan Snits en 22-jierrige man út Nijlân hienen op YouTube sjoen hoe maklik oft it wie om op ynternet falsk jild te bestellen. Se ha woansdei elk in wurkstraf fan 200 oeren oplein krigen by de plysjerjochter.
Jild © Shutterstock.com
It duo hie yn de simmer fan 2016 mei in minderjierrige freon besocht falsk jild út te jaan yn de hoareka en winkels yn Ljouwert, Snits en Boalsert. Ferskate ûndernimmers hienen oan de belle lutsen. Op Instagram hienen de fertochten posts sjoen mei in soad (falsk) jild as tema. "Dan ga je denken dat het normaal is en dan maak je domme keuzes'', sei de Snitser.
De Nijlanner wie handich mei kompjûters. Achterôf beseffe sy dat se oare minsken dupearre hawwe. Ien slachtoffer siet woansdei yn de rjochtseal. Doe't se oppakt wienen, brochten de fertochten trije dagen troch op it plysjeburo. Dat hie yndruk makke: de Nijlanner sei dat er kapot wie en dat er spyt hie.
Yn prinsipe wurde by dit soarte fan saken finzenisstraffen oplein, mar om't de twa noch jong binne, easke de offisier fan justysje in wurkstraf fan 200 oeren. De rjochter gong dêryn mei.